Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske
Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske, proklamearre op 10 desimber 1948 troch de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes.
Pree-ambule
Yn betinken nommen dat it erkennen fan de ynherinte weardichheid en fan de gelikense en nferfrjemdbere rjochten fan alle leden fan de minskemienskip grnslach is foar de frijheid, rjochtfeardigens en frede yn 'e wrld; 
Yn betinken nommen dat it oan 'e kant skowen en lytsachtsjen fan 'e rjochten fan 'e minske laat hawwe ta barbaarske dieden, dy't it gewisse fan it minskdorn faksearre hawwe en dat de komst fan in wrld dr't minsken frijheid fan mieningsutering en leauwe barre mei, en hja frij wze sille fan eangst en ferlet, ferkundige is as it heechste ideaal fan elk minske; 
Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is dat de rjochten fan de minske beskerme wurde, troch de suppremaasje fan it rjocht, dat de minske net twongen wurde mei om yn lste ynstnsje syn taflecht te nimmen ta opstn tsjin tyranny en nderdrukking; 
Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is de ntjouwing fan freonskiplike betrekkings tusken de naasjes fuort te sterkjen; 
Yn betinken nommen dat de folken fan 'e Feriene Naasjes yn it Hnfest har betrouwen yn 'e fnemintele rjochten fan 'e minske, yn de weardichheid en de wearde fan 'e minske en yn de gelikense rjochten fan manlju en froulju op 'e nij befestige hawwe, en besletten hawwe sosjale foartgong en in hegere libbensstandert yn grutter frijheid te befoarderjen; 
Yn betinken nommen dat de steaten, dy't lid binne fan 'e Feriene Naasjes plechtich tasein hawwe om yn gearwurking mei de organisaasjes fan 'e Feriene Naasjes, rnom de earbied foar en it ynachtnimmen fan 'e rjochten fan 'e minske en de fnemintele frijheid te befoarderjen; 
Yn betinken nommen dat it fan it grutste belang is foar it folslein tfieren fan dy oerienkomst dat elkenien in goed begryp hat fan dy rjochten en frijheden; 
Drom proklamearret de Algemiene Gearkomste dizze Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske as it mienskiplik troch alle folken en naasjes te berikken ideaal, mei it doel dat elk yndividu en elk orgaan fan 'e mienskip mei dizze Ferklearring hieltyd foar eagen, der nei stribje sil om troch nderwiis en opfieding de earbied foar dy rjochten en frijheden te befoarderjen en troch foartstribjende maatregels, nasjonaal en ynternasjonaal, dy rjochten algemien en echt erkenne en tapasse te litten, likegoed nder de folken fan steaten dy't lid fan 'e Feriene Naasjes binne, as nder de folken fan gebieten nder har jurisdiksje: 
Kst 1
Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstn en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hlden en te dragen. 
Kst 2
Elk hat oanspraak op alle rjochten en frijheden yn dizze Ferklearring opneamd, snder hokker nderskie ek mar lykas ras, kleur, slachte, taal, godstsjinst, politike of oare oertsjging, nasjonaal of maatskiplik komf, eigendom, berte of oare status.
Fierder sil gjin nderskie makke wurde nei politike, juridyske of ynternasjonale status fan it ln of gebiet, dr't immen ta heart, likefolle as it om in nfhinklik, trust- of net selsbestjoerend gebiet giet of as der in oare beheining fan 'e svereiniteit bestiet. 
Kst 3
Elk hat rjocht op libben, frijheid en nskeinberens fan syn persoan. 
Kst 4
Nimmen sil yn slavemij of hearrigens hlden wurde. Slavernij en slavehannel yn elke foarm binne ferbean. 
Kst 5
Nimmen sil nderwurpen wurde oan folteringen, noch oan in wrede, nminslike of ntearjende behanneling of bestraffing. 
Kst 6
Elk hat, wr't er ek is, it rjocht om as persoan erkend te wurden foar de wet. 
Kst 7
Elkenien is gelyk foar de wet en hat snder nderskied oanspraak op gelikense beskerming troch de wet. Elk hat rjocht op gelikense beskerming tsjin elke efterstelling yn striid mei dizze Ferklearring en tsjin elke oantrn ta sa'n efterstelling. 
Kst 8
Elk hat rjocht op doeltreffende rjochtshelp fan foechhawwende nasjonale rjochtlike ynstnsjes tsjin hanlingen dy't yn striid binne mei de grnrjochten him takend by grnwet of wet. 
Kst 9
Nimmen sil nderwurpen wurde oan eigenwillige arrestaasje, detinsje of ferbanning.
Kst 10
Elk foar oar hat rjocht op in earlike en iepenbiere behanling fan syn saak troch in nfhinklike en npartidige rjochtlike ynstnsje by it fststellen fan syn rjochten en ferplichtings en by it bepalen fan it grndearre wzen fan in tsjin him ynstelde strafferfolging. 
Kst 11
1. Elk dy't foar in strafber feit ferfolge wurdt, hat der rjocht op om foar nskuldich hlden te wurden oant syn skuld t krft fan 'e wet bewiisd wurdt yn in iepenbiere terjochtsitting dr't him alle waarboargen, nedich foar syn ferdigening, by takend binne. 
2. Nimmen sil foar skuldich hlden wurde oan hokfoar strafrjochtlik fergryp ek op grn fan hokker hanling of fersom ek dat neffens nasjonaal of ynternasjonaal rjocht gjin strafrjochtlik fergryp betsjutte op it stuit dat dy hanling of dat fersom begien waard. Likemin sil in swierdere straf oplein wurde as de straf dy't fan tapassing wie op it stuit dat it strafbere feit begien waard. 
Kst 12
Nimmen sil nderwurpen wurde oan oarmans eigenwillich ynmingen yn syn persoanlike oangelegenheden, yn syn hshlding, syn ths of syn briefwiksel, noch ien of oare oantaasting fan syn eare of goede namme. Elk hat rjocht op beskerming troch de wet tsjin sok ymningen of oantaasten. 
Kst 13
1. Elk hat it rjocht om him frij te ferpleatsen en te ferbliuwen binnen de grinzen fan elke steat. 
2. Elk hat it rjocht om elk ln, syn eigen ynbegrepen, te ferlitten en yn syn ln werom te kommen. 
Kst 14
1. Elk hat it rjocht om yn oare lannen asyl te freegjen en te hawwen tsjin ferfolging. 
2. Op dat rjocht kin gjin berop dien wurde yn gefal fan strafferfolgings fanwegen misdriuwen fan net-politike aard of hanlings yn striid mei de doelen en begjinsels fan 'e Feriene Naasjes. 
Kst 15
1. Elk hat rjocht op in nasjonaliteit. 
2. Nimmen mei eigenwillich syn nasjonaliteit ntnommen wurde, noch it rjocht ntsein wurde fan nasjonaliteit te feroarjen. 
Kst 16
1. Snder ien of oare beheining op grn fan ras, nasjonaliteit of godstsjinst hawwe manlju en froulju as se de jierren drta hawwe it rjocht om te trouwen en in gesin te stichtsjen. Hja hawwe gelikense rjochten wat trouwen oanbelanget, yn har trouwen en by de ntbining drfan. 
2. In houlik kin allinne sletten wurde mei de frije en folsleine tastimming fan elk syn oare helte. 
3. lt gesin is de natuerlike en fnemintele groepsienheid fan 'e maatskippij en hat rjocht op beskerming troch de maatskippij en de steat. 
Kst 17
1. Elk hat rjocht op eigendom, itsij allinne, itsij yn 'e mande mei oaren. 
2. Nimmen mei samar fan syn eigendom berve wurde. 
Kst 18
Elk hat rjocht op frijheid fan tinken, gewisse en godstsjinst; dat rjocht hldt teffens de frijheid yn om fan godstsjinst of oertsjging te feroarjen, en de frijheid om f allinne f yn 'e mande mei oaren sawol yn it iepenbier as yn it partikuliere libben, foar syn godstsjinst of oertsjging t te kommen troch dy te nderwizen, troch it praktysk tapassen, troch earetsjinst en it nderhlden fan geboaden en foarskriften. 
Kst 19
Elk hat rjocht op frijheid fan miening en mieningsutering. Dat rjocht hldt de frijheid yn om snder ynminging in miening te hawwen en om troch alle middels en snder grinzen acht te slaan, ynljochtings en tinkbylden op te spoaren, te ntfangen en troch te jaan. 
Kst 20
1. Elk hat rjocht op frijheid fan freedsume feriening en gearkomste. 
2. Nimmen mei twongen wurde om by in feriening te hearren. 
Kst 21
1. Elk hat it rjocht om diel te nimmen oan it bestjoer fan syn ln, streekrjocht of troch frij keazen fertsjintwurdigers. 
2. Elk hat it rjocht om op foet fan gelikensens talitten te wurden ta de oerheidstsjinsten fan syn ln. 
3. De wil fan it folk sil de grnslach wze fan it gesach fan it regear; dy wil sil ta utering komme yn periodike en earlike ferkiezings dy't hlden wurde sille t krft fan algemien en lykweardich kiesrjocht en by geheime stimmings of neffens in proseduere dy't krektlikegoed boarch stiet foar de frijheid fan stimmen. 
Kst 22
Elk hat as lid fan 'e mienskip rjocht op maatskiplike wissigens en hat der oanspraak op dat troch nasjonale ynspanning en ynternasjonale gearwurking, en yn oerienstimming mei de organisaasje en de helpboarnen fan 'e oanbelangjende steat, de ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten dy 't nmisber binne foar syn weardichheid en foar it frij ntploaien fan syn persoanlikheid, ferwzentlike wurde. 
Kst 23
1. Elk hat rjocht op wurk, op frije kar fan berop, op rjochtrnjittige en geunstige arbeids-betingsten en op beskerming tsjin wurkleazens. 
2. Elk hat, snder ien of oare benefterstelling, rjocht op itselde lean foar itselde wurk. 
3. Elk dy't wurk docht, hat rjocht op in rjochtfeardige en geunstige beleanning dy't him en syn hshlding in minskweardich bestean mooglik makket; dy beleanning sil sa nedich mei oare middels fan sosjale beskerming oanfolle wurde. 
4. Elk hat it rjocht om fakferienings op te rjochtsjen en him dr by oan te sluten om syn belangen te beskermjen. 
Kst 24
Elk hat rjocht op rst en frije tiid, mei ynbegryp fan in ridlike beheining fan 'e arbeidstiid en periodike faknsjes mei behld fan lean. 
Kst 25
1. Elk hat rjocht op in libbensstandert dy't heech gench is foar de snens en it wolwzen fan himsels en syn hshlding, drnder begrepen iten, klean, hsfesting en medyske fersoarging en needsaaklike sosjale tsjinsten en rjocht op foarsjenning yn gefal fan wurkleazens, sykte, ynvaliditeit, ferstjerren fan 'e oare helte, lderdom of in oar gemis oan besteansmiddels troch omstannichheden bten syn wil. 
2. Mern en bern hawwe rjocht op bysndere soarch en bystn. Alle bern, al of net wetlik, sille nder deselde sosjale beskerming falle. 
Kst 26
1. Elk hat rjocht op nderwiis; it nderwiis sil fergees wze, teminsten wat i